februari 3, 2023
fan ûnbekend*
Bysûnder útsicht op ’e hichten,
op ’e lichte ek, mei in rivier
dy’t op ’e Ryn útkomt;
wa’t hjir wenne ha, de iuwen troch,
kamen foar ’t kastiel yn ’t spier.
Boud waard der troch de iuwen hinne,
elke generaasje hie in styl
dy’t paste by de tiid;
wa’t hjir wenne ha, dy libje noch,
komme troch de bou yn byld.
Bysûnder útsicht op ’e skiednis,
net allinnich op ferskil yn bou,
mar ek op ’t warber folk;
wa’t hjir wenne ha, dy libje troch,
bliuwe oan har boustyl trou.
* Foto ‘Boarch Bürresheim yn Rynlân-Palts’
februari 2, 2023
fan Johannes Hari*
As tsjillen kreakjend it bejouwe,
hynders sette amper noch in stap,
de fingers stiif fan kjeld net bûge wolle,
proviand is op wat brea nei op,
dan kin men noch in tintsje bouwe.
In kleed mei in tal deade tûken
soarget foar wat lijte om it fjoer
gelegenheid te jaan de klomske hannen
te ferwaarmjen, want oars hâldt it op
en frette moarn de ropske roeken.
De simmer nûget om te striden,
want in hjitte holle kin gjin grins
en stjoert soldaten oer morele grinzen,
dat in holle wurdt in hurde kop,
beferzen yn iiskâlde tiden.
Hoe’t idioaten ek mar hjitte:
Poetin, Hitler of Napoleon,
sy hawwe alle noarmen strang beferzen,
draaiden wearden moardzjend oer de kop
en woene fan gjin omkear witte.
* Johannes Hari (1772-1849)
Skilderij ‘Nachtkertier te Molodechno’