Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Efter sletten doarren

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

In keamer sûnder finster,
sûnder spegel wurdt in hel
as trije minsken op ’en doer
fan elkoar it bloed wol drinke
kinne, toarst as dizze
giet nea oer.

Sy ha gjin finster op de
oar hân, seagen op him del
en heech by ’t eigen libben op,
dat ferdronk yn ierdske dridze:
leagen, moard en selsmoard,
heech it krop.

In keamer sûnder spegel
jout gjin kâns om nei jinsels
te sjen, mar altyd nei de oar
mei kâld bloed dat men wol drinke
kin, dêr is de hel wol
gaadlik foar.

Wol earje Jean-Paul Sartre,
filosoof, dy’t neitocht oer
it libben yn in ierdske hel
sûnder dridze, mar mei minsken
dy’t elkoar ticht sitte
op it fel.

* Toanielstik ‘Efter sletten doarren’
** Foto ‘Jean-Paul Sartre’

admin

Migraasje

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Noch is it gea folslein ferlitten,
dat earst grien wie oant de hoarizon,
in oerfloed foar de gnoe en sebra,
sy seagen ’t dêr wol sitten.

Mar lit de simmer him gleon jilde,
dan ferskroeit it gers, wurdt toar en giel,
de beam hat noch wol griene tûken,
mar lijt ek mei de fjilden.

Dan komt it dreunen út ’e fierte
fan miljoenen hoeven oer it fjild,
in floed fan bisten, gnoes en sebra’s,
sy seagen ’t net mear sitten.

De sebra’s daverje mei faasje
achter gnoes oan nei it noarden ta
fanwege krapte yn it suden…
it hat wat fan migraasje.

* Foto ‘Nasjonaal park Serengeti, Tanzania’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum