september 1, 2016
Himelfytse
De wite streken oer it blau
ha oars net te betsjutten
dat ek fûgels moatte wolris gau,
it barde ûnder swarte sturten.
De fyts wiist op ’t ferplichte paad
foar minsken op twa tsjillen,
wat men moat, leit net yn ’t frije aard,
sa’n skytboerd sil gjin fytser drille.
Mar wiist it boerd de himel oan,
dan hat men it yn streken,
bannen sjonge op in blide toan,
sa’n tocht giet boppe hûndert preken.
Dy wite streken ha gjin doer,
hiel oars as krieën skite,
’t is mei himelfytsen al gau oer,
hoewol’t de bannen minder slite.
september 1, 2016
Se witte al net better,
boeren fan grutskalichheid
dy’t geane foar it hurde grien,
dêrtusken foar it lege wetter,
sy ha neat mei blom en reid.
De managers fan stâlen
fol mei de produksjestream,
dy’t wrâldwiid tusken lannen rint,
se ha gjin weet mear fan de pôle,
bloeiend lykas yn de dream.
Sy miene wol te moatten
as Ikea en as Shell
dy’t wrâldwiid oer de rêgen gean
fan gielen, readen en fan swarten,
lytsen binne net yn tel.
Lit ús net inkeld dreame
fan lytsskalichheid, de boer
dy’t foar de bloei en fûgels giet,
mar lit it wetter wâljend streame,
want de grime rint ús oer.