Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Adam en Eva

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
freed, 24 juny 2005

Al ier op ‘e dei ferwaarme de sinne
de ierde mei wetter yn ’t rûn,
alhiel yn it neaken, neat om him hinne
ferriisde syn stal út ‘e grûn.
Adam rûn fierder oer ’t hout fan de steger
en stie as in byld yn it echt,
omstriele mei ljocht en heger en heger,
de man op syn himelbestoarmjende flecht.

Al gau kaam de frou mei sierlike faasje,
har hûn, as de ingel yn ’t wyt,
ferwachte fan har, lykas oars, meditaasje,
mar hjoed wie it dêrfoar te hyt.
Eva rûn fierder oant ’t hout fan de steger
en dêr, mei de sinne op ’t fel,
ferriisde har stal en leger en leger
kaam Adam, de himelbestoarmer, wer del.

 

admin

Stjerrende swan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
tongersdei 23 juny 2005

Hy stie dêr al in lytse wike,
de wite swan mei skeinde board,
syn wûnen wiene, sa’t it like,
de útkomst fan mislearre moard:
in oanslach fan it fokseleger,
ynienen út ‘e rûchte wei;
syn flecht, oars lûd en stadich heger,
kaam min op gong, mar mei in draai
ferbriek er de besingeling.

Ik seach him fan ‘e moarn noch sitten,
in protte fearren en in kop,
dêr woed er my mei witte litte,
it is derûnder of derop.
It wie noch mar in oere letter,
dêr stie yn grize swellesturt,
de blauwe reager by it wetter,
de boade mei it lêste wurd
fan dea as in besingeling.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum