Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Betizing

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image
detail

It sinneljocht loek nei de kym,
dêrboppe waard it tsjuster,
like swart as yn in neare nacht,
de toer stie noch oerein, as skym,
mar ’t folk wie ’t paad al bjuster.

Doe kaam, mar dat wie net te sjen,
de Ivichheid op ierde
om te sjen de hichte fan de macht
fan ’t folk, it sicht folslein ferlern
op wat de ienfâld sierde.

Betizing kaam yn plak fan ien
yn taal en hichtestribjen,
elkenien sloech op himsels noch acht,
in brutsen bouwurk, stien nei stien,
gjin toer om foar te libjen.

* Ut ‘e Hollânske skoalle

admin

Himelheech

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

It sette op it easten ta,
it folk fan it lemieren,
hegerop lykas it sinneljocht;
elk hie it troch, net oars mar sa
soe ’t grûn en himel siere.

It plan kaam fan de grûn ôf fêst
en yn de draai nei boppen,
stadichoan by ’t sinneljocht;
de boulju krigen ’t swier, gjin rêst,
fan ’t wrotten gleone koppen.

It sette op ‘e himel ta,
de toer fan hege namme:
beaken yn it godlik sinneljocht;
ien folk, ien taal, net oars mar sa
bestean wy ûnbeskamme.

* Ut ‘e Hollânske skoalle

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum