Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Nei it fiere lân

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

It is him noch net oan te sjen,
mar dochs, al fiifensantich jier
stiet Abram rjochtop yn it libben
as hoeder fan syn neiste én it dier,
mar ’t alderneiste mist er, dat is bern.

Image

De earen gûnzje him noch fan
it grutte folk yn ’t fiere lân
nei ’t drege ôfskie fan syn sibben,
hy stekt de hân út en ferbrekt de bân,
foar altyd stilstean is hy net de man.

Hy sit rjochtop en wiist it paad,
hoewol’t er noch net wit de wei
dy’t fiert nei ’t fiere lân fan libben,
syn frou en omkesizzer geane mei,
ek folk, want mienskipssin leit yn syn aard.

Image

* Mozaiken yn de San Marko basilyk
yn Fenetië

admin

Ropping fan Abram

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

Hy hat wat heard, mar wit net wat,
it wie as kaam it oeral wei,
no rûzje wurden om him hinne,
hy slacht syn eagen op, dy harkje mei
de earen nei wat liket op in god.

Ik rop dy oan, gean út dyn lân
en by dyn leave neisten wei,
want dan hasto in wrâld te winnen;
ast giest, dan nimsto goede wurden mei,
dy’t dieden wurde, Ik bring dy ta stân.

Hy hat it heard, wit dit wie God,
de neisten steane him ek nei,
mar soed er oare wegen rinne
as ’t paad fan ’t goede wurd dat foar him leit,
it kweade flokt mei syn takomstich lot.

* Fersierde letter út ‘e 13de ieu

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum