Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Snitser bolle

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1959

Yn 1943 bin ik berne op it skûtsje ‘De Twee Gebroeders’,
dat hjoed de dei noch meisylt by de IFKS as ‘De Harmonie’.

Fan 1959 ôf ha ik de wedstriden fan de SKS yntinsyf folge.
Doe bin ik ek begûn mei it oanlizzen fan in skûtsje-argyf.
Dat beslacht 178 mappen (oant en mei it jier 2007).

De krantefoto’s komme út de Ljouwerter Krante,
it Frysk Deiblêd en it Snitser Nijsblêd.

Image

Al ieuwen hat it skippersbloed
de skûtsjes brûzje litten;
de hân oan ’t roer en skrep de foet,
de fûlens net te mjitten.

De skipper wie mei ’t skûtsje ien,
yn ’t boeisel stie syn namme;
doe joech de stêd it him te lien,
de line lei ferlamme.

Der kaam in teken yn it seil,
SN foar Snitser bolle,
in Grinzer skip, doe wol op peil
en gjin oerstjoere hollen.

Image

Der wiene yn dat jier mar tsien
dy’t strieden om de eare;
de Grousters waarden nûmer ien,
de H moast it noch leare.

De bolle siet der tuskenyn
en al hoe’t hy ek balte,
syn ballen heinden te min wyn,
plak seis wie doe syn halte.

Image

admin

De frjemdte yn

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Giovanni Francesco Barbarie*

Wat hied er lokkich mei har west,
mei Hagar en ek Ismaël,
syn twadde frou en harren soantsje,
by Sara wiene beide net yn tel,
sy spriek de ban, hy soarge foar de rest.

Wat wied er lokkich mei it lûd
fan Izaäk, al lang foarsein
en op syn âlde dei noch berne,
oant Ismaël him narre, as ferslein
beharke hy de ban oer ’t eigen bloed.

Image

Djip ûngelokkich moast er dwaan
wat yngie tsjin syn eigen moed:
dy beide yn de frjemdte stjoere,
in fingerwizing en in lêste groet,
dat wie de rest, wat koed er oars noch jaan?

* Giovanni Francesco Barbarie (1591-1666)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum