Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Bereklau

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
freed, 8 july 2005

Doe’t it piipkrûd mei it bulloftswyt
de Grienedyk yn ’t feestkleed sette
en de fitis mei it heechste liet
syn wille oan de himel witte liet,
hold it bearke him oan eigen wetten:
mar amper út ‘e grûn, syn donker hol,
begûn er taastend te ferkennen
ûnder, nêst en wat der boppe wie,
wie fol, hy moast der earst oan wenne
oant syn sterke poat wat rjochter stie
en alle dagen heger groeide,
boppe ’t piipkrûd, dat gjin nocht mear hie
oan ’t pronkjend libben, om’t it útbloeid wie.
Doe stiek de bear mei skerpe klauwen
en rûne kop de oaren nei de kroan,
kening boppe raai en reid, mar oan
syn troanje seach men gjin fertrouwen
yn de harmony fan mem natoer.
Nei de langste dei lykwols wie ’t oer:
de kening foel troch minskehannen,
beareklauwen stieken yn it wetter,
de kroan bedarre yn it slyk,
mei syn poat gie ’t ek net better,
ferplette ûnder hûndert bannen
fan fyts en auto op ‘e Grienedyk.

Image

admin

De rook fan it gea

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
woansdei 6 july 2005

De loften litte, swier fan rein,
mei grauwe streken witte:
it komt deroan en oan de ein
sil grien en blau sa switte
dat alles rikket fan de rook,
dy’t opkomt út ‘e nije skepping
fan ’t skjinne gea, nei tichte smook
fan disel en benzine.

Dan rin ik snuvend troch it gea
en swaaiend as in bline
sa tusken swietrook fan it hea
en fisklucht fan it wetter,
fyn ik it paad yn ’t paradys:
ik rûk de blommen iepengean
en bjirken rûke better
dy’t tichterby it wetter stean.

Sa sweef ik dreamend troch it hôf
as Adam hjir op ierde,
de eagen blyn, de earen dôf,
de rook sil my wol liede,
mar oant safier, it rûkt ferkeard,
myn skoech glydt út en by de sleat,
fan ’t fize feien dwyl en wee,
rûk ik de kofje fan DE.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum