Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Oerhaal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
moandei, 11 july 2005

De oerhaal leit der fredich by,
nei’t jachtsjen fan de drokke snein
ferrûn foar pont en baas it tij,
dat streamde nei de lichte ta,
dus hjoed begjint de dei mei wat de snein
ús biede moast, de rêst fan it bestean,
dat ieuwenlyn hjir plak fûn hat
en dine op ‘e kalme weagen
fan Goaiïngea-en-Sweagen,
in midsieusk dompich doarpke by de oerhaal,
in tsjerkje en in grêfstien, mar sûnder dat
men wist fan it bestoarn bestean
fan ’t folk yn kjeld en hjitte,
mar wol yn ’t sâlt bebiten,
dat man en wiif bedolden, sûnder omhaal,
it droege fean dat yn de brân set waard,
it wetter, oer de jiske smiten,
ferdampte boppe potten,
wat oerbleau, wie it sâlt,
yn sekken skept en brocht nei Snits,
ferkocht mei hantsjeklap en praat
en wiene man en wiif werom
yn Goaiïngea-en-Sweagen,
feroare ’t waar, mei stjit en flits
berûn de loft en klappen foelen,
de twirren makken weagen,
dy frieten oan it sompich lân
en sloegen grutte gatten
en sjoch, dêr wie de Potten.

De oerhaal leit der fredich by,
mar is de fraach net foar hoe lang,
it duorret koart, it tij ferrint
foar pont en baas yn it belang
foar ’t boeiend jachtsjen nei de heechste ear
foar dy’t yn ’t swittend sâlt bebiten binne
op ’t skerpst fan jacht en skûtsje,
jildt inkeld noch de wedstriidlear,
gjin hurde striid lykas foarhinne
by ’t graven fan de djippe gatten
en sjoch, dêr leit de Potten.

Image

admin

It Potten-trio

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
snein, 10 july 2005

Se binne njoggen, acht en seis,
ús Eva, Jesse, Imre,
en woene, sa ris ûnderweis,
tafallich nei de arke
en fia hynder, skiep en ko,
gjinien dy’t nei ús harke,
belânen wy dy simmerdeis
mei ’t Potten-trio op ‘e arke.

Se hiene harren game-boy mei,
ús Potten-trio gamers,
it gong der earst omraak om wei
by ús dêr op ‘e arke,
mar ho, har Snitser oma sei:
‘Jonges, út dy game-boy dinges,
sjoch nei hynder, skiep en ko,
dy genietsje fan de dei,
mar jimme krije lamme fingers.’

Us Eva, faam fan de natoer,
dy woe doe mar ris fiskje,
se fong in foarntsje oan it snoer,
mar doe’t se ’t bloed ôfwiske,
wie it mei it fiskjen oer.

Us Jesse, stoere motor-baas,
dy woe wol oeren race
mei pakes motor, fiif pk’s,
mar doe’t de plysje oan kaam pezen,
wie it út mei it geraas.

Us Imre, feintsje fan de dream,
dy woe de wrâld oer farre
mei kano, boat of pream,
wêr’t hy ek mar bedarre,
liet him driuwe op ‘e stream.

Mar doe’t de reis rûn nei de ein,
it fiskjen, racen, farren,
op dy wûndermoaie snein,
by ús dêr op ‘e arke,
doe koe it wol wer barre,
gjinien dy’t nei ús harke,
se draafden fuort en rôpen ‘hoi’,
ús Potten-trio mei de game-boy.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum