Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Titanestriid

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1964

It wie in striid om elke weach
en wyn te heinen foar de gong
yn ’t skûtsje, as de wjerljocht rinne
nei de finish mei in tongerklap.
In titanestriid foar ’t each,
yn spanning smoke op ‘e long,
want beide skippers woene winne,
dêrom hiene Siep en Ulbe ’t krap.

Image

It eigen wetter holp ‘Doarp Grou’
op beide dagen oan de priis;
It Hearrenfean wie fier al hinne,
mar mei tonger seach syn himel griis.

It Grietmansrek belibbe op
‘e finish de sensaasje fan
fiif skippen yn fiif tellen binnen,
mar de Hearrenfeanster wie de man.

Sa wiksele it plak foar plak,
mar earste plakken fan ‘Doarp Grou’
– as skoden wolken foar de sinne –
waarden wei en Ulbe kaam yn ’t nau.

Image

De Lemmer lykwols brocht in kear,
want ’t Fean oer stjoerboard… in protest,
sels twa! No koe ‘Doarp Grou’ it winne,
want mei twa kear twa die Ulbe ’t bêst.

De ein waard in titanestriid,
want beide hiene ’t noch net wûn,
mei ’t selde skot der fluch trochhinne,
waard Siep van Terwisga kampioen.

Image

admin

It fokske fan de Grienedyk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
snein, 24 july 2005

Wy seagen him dy jûns,
it wie in oere of tsien,
sa’t hy dêr rûn as ien
lyts fokske op ‘e dyk,
yn ’t felle lampeljocht,
hie ’t wat fan in solo-dûns;
it bistke bleau in tel
of fiif noch yn syn dûns
en ek op ús fersyk
net langer, want hy socht
sa’t hy in sydstap die,
beskerming yn de berm,
’t hie wat fan in solo-flecht.

Ik seach de oare dei,
de moarns in oere of tsien,
sa ûnder ’t rinnen wei,
wat smoargens op ‘e dyk
en kaam ik tichterby,
dan waard it ljochter, read,
sa’t dat derhinne lei,
hie ’t wat fan in bliedend lyk;
it bistke wie net grut,
in snaffel oan in kop
fan brune fear, dy’t slop
hong oan in bonkerak,
mar sûnder brune sturt,
’t hie wat fan in einepyk.

Wy seagen him dy jûns,
it wie in oere of tsien,
op kleurefoto yn
it Snitser Nijsblêd stean,
sa’t hy dêr hong as nekt
lyts fokske boppe stien,
de hûnekop derfoar,
hie ’t wat fan in solo-akt;
it wiisde lykwols oars,
want mei syn skerpe noas
besocht de hûn it spoar
te folgjen yn de berm
dêr’t earst ús autoljocht
it fokske dûnsje liet,
en nei twa biten brocht
de hûn it brune bist
tefreden nei it hiem
en sa’t syn baas beslist
it nei syn hannen set,
is it krekt in marionet.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum