Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Spul fan leech en heech

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1965

Image

Yn de lijte fan Fortuin syn hok
bepraten se de wylde Fluezen:
‘Net in skipper hiset seil en fok,
ik sis jim, ’t spul krijt oars noch luzen.’

Healwei twaën klommen yn de toer
de Grouster Ulbe en ek Douwe:
‘Sile wy of giet it spul hjoed oer?’
‘Smyt oer in oere los dy touwen!’

Fiif fan tolve leine noch yn Heech,
sadwaande waard it oeren letter,
dat it folk begûn by heech en leech
te easkjen ’t spul moast op it wetter.

Njoggen skûtsjes stieken doe fan wâl,
De Lemmer earst, lykwols as lêste
oer de start, de striid gie oan en mâl
mei wyn en weagen as de bêsten.

Image

Grouster Ulbe en It Hearrenfean
lavearren nei in kopposysje,
beide spilen ’t spultsje skraal en skean,
allinnich Ulbe koe ’t net hysje.

’t Wetter jokke op ‘e Grouster hûd,
want no hie ’t spul fan twirren luzen
dy’t al gau fersûpten yn de floed
fan wer oerein, boppe De Fluezen.

Image

admin

Kening Loadewyk*

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1965

Image

Syn namme is fan keninklik komôf,
hy hearske as in Loadewyk
op ’t Fryske wetter, wiid of nau,
oerlibbe revolúsjes
yn syn eigen skûtsjeryk.

Hy stiek syn nekke foar it silen út
doe’t seilen strieken yn de striid
mei motors, naam in resolút
beslút, syn revolúsje:
skûtsjes yn de sponsortiid.

Image

De skipper sylde seis jier foar de FAS**,
foar timmerlju mei stielen hert,
in striidber rinkeljende kas,
yn Loadewyk fidúsje,
alles regele by wet.

It doarp Langwar hie him wol sitten sjoen
as kening op syn helmhouttroan
en hat him it fertrouwen jûn;
sa hearske de yllúzje
fan de swan mei gouden kroan.

Image

* Lodewijk Meeter
** Friese Aannemers Sociëteit


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum