Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Alternative jacht

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Hy wie de jongste fan de jagers,
skerp fan eagen, wifkjend noch fan hân,
seach wol de bûgde bizonkop
en ’t hynder yn ferstive stân,
mar dêrmei hold syn jacht wol op.De jagers gniisden om syn hannen
dy’t gjin faasje oan de pylken joech,
mar nimmen seach syn eachopslach
dêr’t hy de bylden mei opsloech,
foar bist en byld hie hy ûntsach.

Image

Syn hannen wifken net doe’t dy de
ierdekleuren strieken op ‘e wand,
it wyld kaam stadichoan yn byld,
de bûgde kop, de spieren spand,
sy ha har libben mei him dield.

Image

* Tekeningen mei ierdekleuren
yn de grotten fan Altamira
(16.000-9000 foar Kristus)

admin

Op barsten

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
Hjoed, 13 oktober 2012, begjint de nije rubryk ‘Skiednisbylden’.
Mei byld (keunst) en wurd komme beskate aspekten fan de skiednis
oan de oarder fan it fiere ferline oant ús eigen tiid.

 fan ûnbekend*

Al fier ’t foar ’t stokâld Grikelân
de knibbels bûgde foar syn Venus,
wist in oar folk fan de hechte bân,
dy fan de fagina en penis.

Hy gie al ier yn ’t fjild op jacht,
skeat wylde bisten, mar ek froulju,
dieren troch de dei, de frou by nacht,
sa wie it machtsgebrûk by manlju.

Mar waard syn frou fan ’t siedzjen swier,
dan gie syn hân oer búk en boarsten,
want sy wie him leaver as in dier,
syn kalkstien-keunstwurk stie op barsten.

Image

* Byldsje fan kalkstien ‘Venus fan Willendorf’
(25.000 jier foar Kristus)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum