Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Froulike wachters

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

It wie it folk fan rûge foarmen,
dat bekend stie as Hettyt,
it die op stien en striid gâns flyt
en hat troch ’t Midden-Easten stoarme.

De striid rûn stadich nei de hichte
oant it toppunt fan de macht,
nei elke dei kaam wer in nacht,
de muorretiid, mar wol in tichte.

Wat is in muorre sûnder wachter?
Froulju yn in rûge foarm
dy sloegen yn de nacht alarm,
dêr kamen freon en fijân achter.

Image

* Anatolyske sfinksen (1450-1200 foar Kristus),
in froulike ferzje yn it hjoeddeiske Turkije

admin

Lange skipsreis

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Lit twa riken mei deselde grins
lykweardich harren rykdom diele:
fan Egypte giet de reis nei Nubië,
in Nubysk skip fart wol werom,
mar giet de fracht fan mins nei mins?

Toetanchamon, farao fan ’t lân
dêr’t hearskers har as goaden fielden,
liet syn macht de Nyl opgean nei Nubië,
de fraach wie wat moast doe werom,
de skatting gie fan hân nei hân.

Amenhotep Hoey, de heechste foarst
fan Nubië, moast inkeld diele:
’t skip mei goud en stiennen foer út Nubië
de Nyl oer, mar neat kaam werom,
Egyptes reis wie fierwei ’t koartst.

* Muorreskildering yn de grêftombe
fan Amenhotep Hoey

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum