Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Alexander de Grutte

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Alexander, grutte Gryk,
dy’t libbe leafst by fiergesichten,
stoarre oer de Middellânske See,
hy dreamde fan it grutte ryk
dat foar him lei, hy soe it stichtsje.

Legermachten, gjin ûntwyk
foar dy ienfâldige soldaten,
mannichfâldich foar de bloedstriid ree
mei ’t each op Alexanders ryk,
oer frede foel noch net te praten.

Perzysk kening moast omlyk,
omdat de dream yn winst feroare,
mar de foarst bleau fier fan eigen see,
waard oerset nei it stille ryk,
nea joech er wer syn hoars de spoaren.

* Detail fan it Alexander-mozayk
(sirka 100 foar Kristus)

admin

Underierdske wacht

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Oin Shi Huangdi hie in leger
dat op ierde wêze mocht
en moedich foar syn keizer focht
mei oan de ein de sege.

Dochs wie ’t libben net ûneinich,
ek de keizer hie de lea
as oaren, ienris gie er dea,
dy fijân wie fûleindich.

Doe’t de foarst de lêste siken
joech, stie ’t leger foar him klear
en saluearre ta syn ear,
soe fan syn lea net wike.

Oin Shi Huangdi hie in leger,
ûnderierdsk stie dat op wacht,
joech foar syn keizer trochgeand acht,
te blyn foar noch in sege.

Image

* Terrakottaleger (sirka 210 foar Kristus) 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum