Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

De ballade fan de Gravinnewei*

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
sneon, 23 july 2005

Wa’t net ken de skiednis fan de wei
dy’t as grevinne ûnder wetter
yn de mar fan Snits de septer swaait,
ferliest it paad fan doe nei letter.

Wa’t lykwols wit wat earder wie,
dy kin der oeren oer fertelle
wat de frouwe op dat dykje die:
se spuide bloed, sa koe se skelle,
doe’t se fan De Jouwer ried nei Snits,
twa plakken dy’t der noch net wiene,
seach se, yn in fisioen, in flits,
kastiel en tsjerke dy’t dêr stiene
ûnderoan dy oerenlange wei,
mar doe’t it hynder stadich sakke,
sakken har kastiel en tsjerke mei,
it fisioen dêr’t sy nei snakke,
bleau har by en sleepte sy doe oan
yn stien fan berch nei de Legeaen,
mar fergees, it wie op hege toan
dat sy mei iepen mûle en eagen
skreaude, wylst se stadich sakke yn
it sompich lân mei swiere stiennen,
grêf fan de grevinne, ieuwenlyn,
mar nimmen gûlde echte triennen;
breinroer kaam se út it deaderyk
en wylst har geast de wei lâns jage,
spuide se al skellend oer har dyk
it bloed fan jûntiid en de dage,
ljochtsjend as in stjerrebyld by nacht,
de skrik fan Snitser mar en Potten,
dêr’t de skipper mei it skip fol fracht
en yn de roef syn frou en skatten,
bange bern beskerme foar de dea,
dy’t ware oer it weagjend wetter
op him ta, in rille oer de lea,
doe weiwaard yn it ljocht, dat letter
wyn en silers nei de mar ta lokt
dy’t stride om de heechste eare
oant har flugge boat ynienen skokt,
de seilen nei de weagen teare,
dêr’t in skym mei priis en eare gokt
en skatteret fan in skealik laitsjen
om de siler dy’t lûd skelt en flokt,
want nimmen sil har geast ea reitsje.

Wa’t net ken de skiednis fan de wei
dy’t as grevinne ûnder wetter
yn de Snitser mar de septer swaait,
ferflokt it lot en wit net better.

*) De Grevinnewei is in drompel yn de Snitser mar, in lange smelle ûndjipte

Image

admin

Hurdsyldei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
woansdei 10 augustus

Dit is de dei, it folk streamt ta,
de ponten bromme, brûzje, sjonge
’t mearstimmich liet en bringe sa
de sfear deryn, om oan te kommen
op hillich lân, de mar ûntwrongen.

Dit  is de dei, it fjild brûst oan,
de hoarn foar starters kin sa klinke,
it silersliet set yn, de toan
fan skippen, seilen, wyn en weagen
op wei nei boeien, dy’t har winke.

It Kolmarslân tilt op fan ’t folk,
in kleurich fjild dat yn ekstaze
beweecht, as optild nei de wolk
dy’t, los fan alle swierrichheden,
har meinimt, wylst de blazers blaze.

De mar is wyt fan seil en fok,
in blinkend byld yn alle fazen,
fan fûle striid oant stom gelok,
fan foar de wyn en yn trapeze,
fan stil geniet of flokke, raze.

It eilân, dronken as in dweil,
sjongt mei de dreunen fan ’t orkest:
Frysk bloed tsjoch op, ik sjoch gjin seil,
myn ieren bûnzje sûnder bloedtest,
it bier bekomt ús Friezen poerbêst.

Fan mar troch ’t Hearregat, de poel,
de Klok, de Puollen, troch de Sibe hinne,
de silers brûzje nei it doel,
dêr’t ieren bûnzje om te winnen,
de priis en lit it bier mar rinne.

De lêste boat, de lêste stjit
fan finishtoer op lêste flagen,
fan ’t dweilorkest de lêste hit,
it lêste bier noch yn de mage,
de moaiste dei fan alle dagen!

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum