Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Nei it silen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It hat wer west, it is foarby,
de mar rûn oer fan boaten,
it eilân koe gjin mins mear by,
wat west hat, wie út soarte.

Noch hingje flaggen yn de mêst
as teken fan oerwinning,
se joegen harren kleurleas del,
de nacht troch, dy’t de rêst
ferkeas om ta besinning
te kommen nei de folle wike
fan fleanend starte op ‘e tel
en op ‘e finish pike.

En doe’t de nacht rûn nei de ein
fan mankelike flaggen,
dy’t fregen:’Is der libben nei
it feest fan start oant finish?’,
doe krieze, tige slagge,
in miuw, dy’t op in fûkstôk siet:
‘Salang’t de mar fol fisken is
dy’t ûnder wetter swimme,
begjint it libben mei in liet:
In wike is it op ‘e Snitser mis,
lit ús dan ienenfyftich nimme.Image

 

admin

Preamtsjinst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
snein, 4 septimber 2005

Broek, it gea dat leger leit
as wetterweagen, rôljend
fan de Wiellen nei de slûs,
it gea fan harren heit
as boer en skipper manlju
mei God oer ’t wetter rinnend
yn de pream fan lân nei hûs.

Broek, op ’t hôf de klokkestoel,
de trije preammen sprekke
fan de Heit, de Soan en Geast,
dy’t harren driuwt nei ’t doel
om stilsteand oan te stekken
op leger wâl, dêr’t sinne-
ljocht komt rinnend út it east.

Wiellen by Langwar as See
fan Galilea, blinkend
stil, fan skientme stom,
ynienen rôljend, stee
fan fiskers, manlju sinkend
oant Hy as Skipper rinnend
oer it Wiellenwetter komt.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum