Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Optimist

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se kamen foar in kursus Optimist,
twa fammen, noch gjin tsien,
nei tweintich oeren yn it blauwe bakje
oan it roer, yn waar en wyn,
dy boei oan bakboard nei dat skrale rakje,
wiene se noch altyd optimist.

Image

Hoe soe it oars mei bern fan noch gjin tsien
dy’t tweintich dreamen ha,
in eigen skipke mei in gouden dakje,
sels de baas en foar de wyn,
gjin boeien, boarden, sûnder hakketakjen
silend op dy iene topdream ta.

Image

Image

Hoe koe it oars, it hie dan wol blau bloed,
dat swarte Fryske bist,
mar ’t paste net yn harren blauwe bakje,
dochs wie ’t memmehynder goed
genôch foar stâl en bak mei gouden dakje,
dream fan noch gjin tsien jier optimist.

Image

admin

Tusken monuminten

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
sneon, 10 septimber 2005

It wie op monumintedei
dat hege flaggen sierden
wat ûnder lei te pronkjen
en iepen doarren noegen nei
wat binnen hie te bieden
oan preekstoel, bank en ponkje,
dat no net klear foar euro’s lei,
want hjoed wie ’t monumintedei.

Image

’t Wie ek neisimmerwaardei
dat preammen silend sierden
wat ûnder lei te pronkjen
oan wetter, slûs en reid,
mar ’t waar hie neat te bieden
oan silers as in gonkje,
dochs ’t âlde wie de ein fan wei,
want hjoed wie ’t monumintedei.

Image

Se wie al oer har tachtichste
en mei de helm as sieraad,
de scooter as har pronkje,
belibbe se har eigen dei:
se racede mei sa’n gonkje
fan boerepream oer tsjerkepaad
as puber út it âlde skaai,
want hjoed wie ’t monumintedei.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum