april 29, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia spriek as de profeet
de wurden dy’t de Hear him ynjoech
en Barûch skreau syn sprekken op,
mar op ’en doer kaam hy yn need.
Ungelokkich wie it krekte wurd,
noch mear lêst kaam by al syn lijen,
sa rekke hy op ’t lêst ynein
fan ’t suchtsjen… hie syn libben nut?
Jeremia spriek as de profeet
de wurden dy’t al klonken hiene,
mar Barûch skreau no neat mear op,
betreklik wie syn eigen leed:
‘Wat Ik boud ha, brek Ik ek wer ôf
en wat Ik plante ha, skuor Ik wer
út, wat de hiele wrâld oerkomt,
it minskdom rekket yn it nau;
do wolst dan foar grutte dingen gean
en foar dysels it heil berikke
wylst ûnheil oer de ierde komt?
As neaken minske bliuwst bestean.’
* Yllustraasje ‘Jeremia en skriuwer Barûch’
april 28, 2023
fan ûnbekend*
Pylders, heech oprizend
út ’e baai, fertelle gjin ferhaal
oer goaden dy’t it goed foar ha
mei minsken yn in frij bestean,
mar byldzje út om fan te grizen.
In draak dy’t út ’e hichte
delkaam, swaaide mei syn lange sturt
de kalkstien-bergen útinoar…
wat kin dan as gehiel bestean?
De frijheid sakket nei de lichte.
Vietnam, do lân fan ’t striden
ûnder machten wei foar in bestean
yn frijheid, bist no sels de draak
foar minsken, stribjend nei in frij
bestean, dyn sturt lit harren bliede.
Foto ‘Ha Long (draak dy’t nei ûnderen komt)
yn Vietnam’