Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Sytse Poep*

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1967

Hoe’t er oan syn namme kaam,
wa sil it ús fertelle?
Sytse wie bekend mei hynst en raam
en boarnde ek de keallen,
dat er stront natuerlik naam,
waard brûkt foar ’t freonlik skellen:
Sytse Poep, sa is it kaam.

Image
Ut ‘Skûtsjesilen’ fan Lieuwe Pietersen

Fan boerefeint nei ’t skippersfak
rûn oer it rak fan skippersdochter,
want dat kreaze famke mocht er,
yn de roef wie ’t pear teplak.

Fan leie nei it skûtsjeroer
rûn oer it dek fan Piipster pronkstik,
mar it praat bleau Poepster stjonkstik,
Sytse lykwols koe deroer.

Image

Dat er doe dat beamlyk fûn,
in stam as deadekiste,
waard ferteld it hiele terplân rûn,
dat sels de kij it wisten;
’t lyk kaam op ‘e lading grûn,
it stonk as hûndert bisten,
Sytse Poep bleau lykwols sûn.

* Sytse Sietema wie de heit fan Jan en Jel Sietema.
Soan Jan waard yn 1952 kampioen mei de Poep,
de freonlike skelnamme fan ek it skûtsje.

admin

Minwaarrie

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1967

De skipper lei syn skûtsje fêst
fanwege ’t weagjen fan de mar
en skôge koart it jeiend swurk;
doe wist er wis ’t is fierste bar,
ferwaaid oan wâl jout ús hjoed rêst.

Image
Ut ‘Skûtsjesilen’ fan Lieuwe Pietersen

De skûtsjeskipper hie gjin rêst,
wannear’t de wyn de weagen dreau
en jage wolken oer it swurk;
gjin skûtsje dat dan lizzen bleau,
it seil mei reven oan de mêst!

Image

Doe kaam de rie fan ’t minne waar,
saakkundigen fan meteo,
dy’t sûnder ’t skôgjen fan it swurk
besleaten: ’t kin net, skippers, ho!
Gjinien seach fan har sizzen raar.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum