Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Lette moeting

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Andrea Vaccaro*

It rûn al nei de jûn
en ’t easten kaam de dize oer
doe’t Izaäk it fjild yn rûn,
syn hert hie rêst noch doer.

Hy kuerde, wat er fûn
kaam tichterby, in karavaan.

Har stap die de kamiel
om sa de rêst en doer te jaan,
mar fjurrich langstme waard har diel,
Rebekka, doe noch faam.

Sy kuerde, wa’t sy seach
kaam tichterby, in man fan stân.

It barde yn de jûn,
it stadich stappen yn it sân,
it wie ’t gefoel dat harren bûn,
se rûnen hân yn hân.

Image

* Andrea Vaccaro (1600-1670)
Skilderij ‘Izaäk en Rebekka’

admin

Houlikstsjinner

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Antoine Coypel*

Image

De reis wie swier op Haran oan
foar Abraham syn tsjinner,
hy die it foar syn masters soan,
waard hy ferliezer of just winner?

It gie om ’t finen fan in frou
út Haran wei, de oarde
dêr’t syn famylje bleaun wie, trou
oan heit syn grûn en eigen goaden.

De tsjinner socht om wissichheid:
foar him en de kamielen
wat wetter fan de frou dy’t seit:
‘Ik sil it mei de frjemdling diele.’

Rebekka joech de moeting sin
troch foar de tsjinst te kiezen,
sadat de tsjinner tsjûgje kin:
‘Wa’t wint sa’n frou, sil nea ferlieze.’

* Antoine Coypel (1661-1722)
Skilderij ‘Eliêzer en Rebekka’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum