Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ezaus hûd

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Govert Flinck*

Izaäk, de âlde heit
fan twa folwoeksen soannen,
murk de ein is hast in feit,
faak trillen him de hannen.

Ezau as de âldste soan
liet him as jager jilde,
brocht by heit syn wyldbút oan
nei ’t swalkjen troch de fjilden.

Mem Rebekka hie it troch
en liet it Jakob witte:
‘Heit syn seine, no kin ’t noch,
ik sil dy ’t fel oanmjitte.’

Image

Jakob kriich sa Ezaus hûd,
kaam ûnder heit syn hannen,
mem Rebekka hie har moed:
de jongste fan har soannen!

* Govert Flinck (1615-1660)
Skilderij ‘Izaäk jout Jakob de seine’

admin

Goedkeape keap

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Lambert Jacobs*

As rûge keardel fan it fjild,
de soan fan Izaäk,
waard Ezau jong al jager,
it wie syn hobby en syn fak,
faak kaam er by syn heit mei wyld.

Mar Jakob joech in hiel oar byld
as soantsje fan syn mem,
de ideale hoeder,
hy harke nei Rebekka’s stim
en nei de keppel yn it fjild.

Doe, mei de honger yn de hals
kaam Ezau sûnder wyld
werom by Jakobs tinte,
hat oars net as syn mage field,
gjin tinken oan wa’t spilet falsk.

Hy joech dy dei ’t earstberterjocht
oan Jakob samar wei
foar lekker reade earte;
yn spanning seach syn broer dernei,
goedkeap hat mem har soantsje ’t kocht.

Image

* Lambert Jacobs (1598-1636)
Skilderij ‘Ezau ferkeapet syn earstberterjocht’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum