Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Jakob en Rachel

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jean Restout*

Leech wie syn learen wettersek
en droech as sân syn mûle
doe’t er seach de swiere stien,
de ein, hy hie him yn de bek.

Hy joech him del, der wie gjinien,
net lang, der kamen hoeders
del foar wetter út ‘e put,
hy is der daliks hinnegien.

Syn namme, Jakob, hie gjin nut,
mar doe’t er omke Laban
neamde, koene se dy wol,
de heit fan Rachel, man fan ’t wurd.

Sy kaam deroan, syn moed skeat fol,
mar leech bleau earst syn mûle,
alle spieren loeken strak.
‘Ik rêd it wol,’ sa klonk it gol.

Image

Hy griep de stien en mei in smak
kaam dy yn ’t sân telâne,
op dat stuit seach hy mar ien
en skepte wetter yn har bak.

* Jean Restout (1692-1768)
Skilderij ‘Jakob moetet Rachel’

 

admin

Oare eagen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Luca Giordano*

Hy hie ’t der wol nei makke
dat broer Ezaus grime fjurre himelheech,
as jongste skeiner fan de seine
dy’t net nei ’t heil fan oaren seach,
mar libbe om te pakken.

Hy pakte wat er drage
koe en flechte mei de seine yn de siel
by ’t eigen folk wei nei it easten,
hie oan de oaren part noch diel,
mar libbe wol mei fragen.

Jûns lei syn wurge holle
op in stien, hurd as it flechtsjen sels, ’t bestean
fan Ezaus grime dy’t him folge,
syn broer feroare yn in earn,
it sjen waard him tefolle.

Hy seach mei oare eagen
nei de ingels op ‘e ljedder, nei him ta
en wer omheech, dêr siet de Iene:
‘Do flechter silst de seine ha,
al koest net sûnder leagen.’

Image

* Luca Giordano (1634-1705)
Skilderij ‘Jakobs dream’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum