Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

De bloedmantel

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Lambert Jacobsz.*

De âldste wie net by de hannel,
hong ferstive oer de lege put,
wat hie it libben noch foar nut,
wêr wie syn broer en wêr de mantel?

Hy, Ruben, moast der wol mei komme,
oan syn âlde heit de tiding dwaan,
it soe him út it lykwicht slaan,
hoe wie syn broer te pakken nommen?

Syn broers ha ’t Ruben witte litten:
hannel doe en hannel mei de heit,
’t wie fantasy, mar ek in feit,
de mantel soe ’t ferskil wol witte.

Troch bloed ha sy de mantel helle
neffens harren byld fan ’t wylde bist,
it hie dochs kinnen dizze list?
De âldste soe it heit fertelle.

It kaam de âlde op it searste
plak, syn hert foar Joazef rekke stil,
de soannen wiene goed fan wil,
lykwols de heit liet him net treaste.

Image

* Lambert Jacobsz. (1598-1636)
Skilderij ‘Jakob werkent de bluodrige mantel fan Joazef’

admin

Jonge keapwaar

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Konstantin Flavitzkij*

Joazef, jongste fan de bruorren,
dreamde faak, himsels de hichte yn:
as rjochte skeaf, fan bûgjen frjemd,
as heechste stjer mei sinneskyn,
wie inkeld by syn heit ferneamd,
’t gie goed salang’t it duorre.

Kleurich wie de djoere mantel
dy’t er krige as bedoarne soan,
wat sette by syn broers kwea bloed,
dus taasten se syn heechmoed oan
en bûnen tou oan hân en foet,
ornearren him foar hannel.

Image
detail

Keaplju mei in tal kamielen
kamen by de put en woene ha
gjin mantel, mar in bleate slaaf
foar net tefolle jild, no sa;
doe gie it fierder op in draaf,
gjin kâns mear om te dielen.

Image
detail

* Konstantin Flavitzkij (1830-1866)
Skilderij ‘Joazef wurdt troch syn broers ferkocht’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum