Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

It âlde liereliet

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut skûtsje-argyf 1968

Ieuwen wie it seildoek hise
mei de kloaten yn de mêst,
’t katoen wie swier mar joech gjin lêst,
want glêde baltsjes lieten rize
op ‘e lieregisel dy’t al fêst
it silersliet song op syn wize.

Image

Doe klonk skril de rop fan Loadewyk:
‘It wurdt mei myn katoen in lijen,
want it slacht yn ’t achterlyk
en nij kin ik net krije,
dus komt dacron op ‘e gyk!’

Image

Ieuwen sakken op syn holle,
swier katoen kaam op him del
mei’t oaren reagearren fel;
as reade lape foar de bolle
wie it dacrondoek dus net yn tel:
it âlde liereliet hat rôle.

Image

admin

Aldnije god

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1968

Image

Der waait in nije wyn yn ’t skûtsjefjild
dy’t beart as wie’t in tongerklap
en teart it Hearrenfeanster plat:
it is de sport dy’t no it skûtsje tilt
heech boppe ’t âlde plak, want rap
wurdt syltaktyk it skipperslot.

Siep van Terwisga, krekt net kampioen,
woe sûnder rie op ’t achterdek
fan Homme Wester, taktysk god,
mar dêrmei hie de skipper ’t spul net wûn,
syn arguminten sloegen lek
op wat er seach as in komplot.

Fan bûgjen frjemd en mei in hurde kop
sonk hy yn ’t neat en út ‘e wyn
belibbe hy syn treurich lot;
de nije wyn kaam hommels Westersk op
mei Tjitte Brouwer fûl deryn
as âlde en ek nije god.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum