Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Eigen lisplak*

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1969

‘Gjin probleem,’ liet Grou de oaren witte,
‘Ulbe Zwaga wie ús kampioen,
mar syn transfer, wa kin dêr no mei sitte,
wy ha al in eigen skipper fûn.

Doarpsgenoat, dy moat it foar ús wêze,
Albert Wester hat it yn de macht
om reglemint en rûtekaart te lêzen,
hy is skipper fan it skerpe jacht.’

’t Wie net sein of ’t eaze fan protesten:
Grou ûntnaam oan ’t skûtsjesilen kleur,
want roef en waring pasten net by Wester,
reade flagge foar de amateur!

Grut probleem, Doarp Grou woe it net sitte
litte, hie him fêst oan Wester bûn:
‘Gjin transfer,’ lieten se de oaren witte,
‘wy ha al in eigen lisplak fûn.’

Image

* ‘Doarp Grou’ bleau yn 1969 út protest foar de wâl lizzen.

admin

Trije kampioenswedstriden

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1969

Image

De spanning fan it jier dêrfoar
behearske noch it skûtsjelegioen:
de lege tredde tree fan ’t poadium;
de deastriid fan in kampioen
fûn nei it slachfjild flink gehoar.

De spanning wie doe fierste grut
mei alve kear op ’t weagjend fjild in slach
foar skippers mei it each op ’t poadium
ferlear sportiviteit gesach:
de Zwaga’s foeren grimich fuort.

Foar elk syn lok yn ’t nije jier,
om ’t wurd dat trije kear is skippersrjocht
en kâns foar fjirtjin op it poadium,
kaam trije kear in bloedgefjocht,
acht wiene inkeld foar de sier.

Wâldsein, De Lemmer en de ein
by Snits, dêr sylden skippers om de ear
foar trije plakken op it poadium;
de Zwaga’s wiene samar klear,
it legioen stie flink ferslein.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum