Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Bloedpleach

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Guiard des Moulins*

De farao teach nei de Nyl,
de wetterier troch ’t hiele lân
dy’t alle libben drinke liet,
hy seach de stream, dit wie syn styl:
beweging hold syn ryk yn stân.

It sin waard der net better op
doe’t dissidinten kamen oan
de igge fan de libbensstream,
’t gie sûnder bûging, fraach of rop,
it wie in oanslach op syn kroan.

It kaam hurd oan, de wetterier
waard read as bloed, de stream stie stil
en alle mûlen rekken droech,
mar farao syn sterke wil
brocht eigen folk doe ek yn ’t spier.

Image

* Guiard des Moulins (13e ieu)
Yllustraasje út ‘e Bible Historiale

admin

Slangestriid

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Foar Mozes wie ’t bekend gebiet,
de treppen nei de farao,
de hichte dêr’t er siet;
Aäron spriek: ‘In fraach oan jo,
ús folk is oan in offer ta,
sa wol de Iene ha.’

Mar farao wist fan gjinien,
allinnich fan de slavetroep,
syn hert waard swier as stien:
‘Noch stiver lûk ik oan de strûp,
it wurk wurdt swierder as it wie,
jim sykje sels it strie.’

De treppen bleau bekend gebiet,
mar frjemd gie ’t op ‘e stiennen flier
mei slangen yn de striid,
de winner waard Aärons dier,
dochs farao ferloek gjin spier,
syn hert bleau like swier.

Image

Yllustraasje ‘Mozes foar de farao’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum