Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Faai dilemma

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Nicolas Poussin*

Image
detail

It is mei oarloch soms te winnen
as it wurd gjin trochgong biedt,
it folk foar it dilemma stiet:
in faai bestean of fierder rinne.

‘Hjir, kening fan de Amoriten,
steane wy mei ’t rjochte wurd:
gjin hân stekt út nei bou of put,
jou ús de wei frij troch jo krite.’

Mar Sichon woe dêr neat fan witte,
hie ’t dilemma nea noch heard,
allinnich striid lei op syn mêd,
hy koe him mei de sterksten mjitte.

Dat Israel hie neat te kiezen:
oarloch út in faai bestean
om nei it eigen lân te gean,
dat Sichon moast it wol ferlieze.

Image
detail

* Nicolas Poussin (1594-1665)
Skilderij ‘Oerwinning op ‘e Amoriten’

admin

Slangesicht

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Anthonie van Dyck*

It gie om Edom hinne,
de woestyn yn nei de see,
it like op it paad werom,
gjin útsicht op ’t oerfloedich stee,
mar yn de hân in lege kom
en alle dagen fierder rinne.

‘Wêrom moatte wy opklimme
út Egypte wei, it golle gea,
wy koarje fan it hongerbrea!’
sa klonken tûzen stoertske stimmen.

It kwea wie bard en slangen
kronkelen yn ’t kleiend kamp,
it hie neat fan it paad werom,
it sicht wie wei, it waard in ramp
foar ’t folk, yn ’t lêste rinnen krom,
de bisten lieten har net fange.

‘Wêrom hawwe wy sa klage
tsjin de Iene oer it hongerbrea,
ferslacht ús ek de kweade dea?’
sa klonken doe de bange fragen.

It kwea soe net lang bliuwe,
want der kaam in slangebyld,
dat útsicht op it libben bea,
de Iene wie foar ’t folk in skyld,
beskermer tsjin de wrede dea,
liet elkenien fan oerfloed priuwe.

Image

* Anthonie van Dyck (1559-1641)
Skilderij ‘Mozes stekt de bûnzen slang op in peal de hichte y

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum