Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Jongespreek

Lyrysk Deiboek
Jongespreek PDF Print E-mail
By gelegenheid fan de oekumenyske tsjinst
oer Preker op 29 jannewaris 2006
yn Lytsewierrum

Image

De moarntiid preket oer de ryp
dy’t op ‘e greiden leit,
de eagen skinke it begryp
fan wat de skepping seit.

De earen heine op it lûd
fan Lytsewierrums toer
en jouwe sicht op wat der hjoed
wjerklinkt de hollen oer.

Image

Dit is de tiid fan grut ûnthjit,
ferwachtings himelheech,
gjin preker dy’t it better wit
as dy’t de skepping seach.

Image

Mar hark, de Preker lang ferlyn
fynt alles neat mei neat,
de earen dôf, de eagen blyn,
it sicht en lûd ferleard.

Ha tiden dan gjin útsicht mear,
gjin toan dy’t langer klinkt,
wêr is it bern dat bringt in kear
en op it libben drinkt?

De jonge op ‘e earste bank,
hy seit it Preker foar:
‘Ik boartsje hjoed mei wil’ en dank
en bring jim bûtendoar.’

Image

admin

Ballade fan Snits

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wa’t net wit wat Snits betsjut,
sil nea de skerpte fiele,
hoe’t it snijt mei ’t stedske swurd,
nea de snit útstriele.

Midsieusk graven fan de grêft
om stêd fan lân te skieden,
wjerstân biede oan de krêft
fan fijâns swurd, mei dieden.

Image

Snitser ridder Rienk besocht
de driging ôf te snijen
mei it swurd yn in gefjocht
om Sion te befrijen.

Snits en Sion, ’t slagge net
dy yn de macht te krijen,
Rienk ferliet de eigen stêd,
dy’t sneedsk him brocht yn ’t lijen.

Ridder Rienk sloech nochris ta,
mar sûnder sneed of wûne
woed er ’t eigen Sion ha,
in stee foar libbensjûnen.

Thabor, kleaster op in terp,
al lang net mear foar eagen
fan de Snitsers, dy’t sa skerp
de gouden takomst seagen.

Takomst as in hannelsstêd
mei bûter, brea en tsizen,
alle Snitsers rekken sêd
en dat tsjin skerpe prizen.

Lapelju út Dútslân wei,
sy kamen op ‘e lappen
mei tekstyl foar hin en aai,
foar klean om yn te stappen.

Image

Lykwols foar’t it safier wie,
beskrepten nul en skjirre
skerp de lapen mei in trie,
de kwaliteit fan hjirre.

Lapen seil beweegden Snits
oer hege wetterweagen
yn kwadraat en jol en flits
mei striid en skerpe eagen.

Wa’t no wit wat Snits betsjut,
sa skerp fan sneed en sinnen,
stimmich nei de lêste snit,
dy sil de slach wol winne.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum