Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Dûbel Grou

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1970

Image

Twirren giselje it wetter,
drippen slaan de dekken swart,
Sint Piter wit net better
of de flagge klapt: it bart!

Lit De Lemmer it besykje,
oan it grutte wetter wend,
se kinne dan ferlykje:
oan de Grouster kaai of kin ’t?

Sytse* beart: ‘It soe wol kinne
mei in bûsdoek oan de mêst,
mar wa’t ferkâlden binne,
krije mei it snuten lêst.’

De minwaarrie strykt in buordsje
foar de noazen fan de float,
mar ’t folk hat noch yn ’t snotsje:
’t wurdt grif skuorren oan de skoat.

Soe Grou misse de tradysje?
Altyd is der rie yn need:
lit skippers seilen hysje
op wat hjit har frije freed.

Blak lei op dy freed it wetter,
suchtsjend hongen fok en seil,
Sint Piter wist net better
of de flagge wie in dweil.

* Sytse Hobma, skipper fan it Lemster skûtsje

Image

admin

Op ‘e foto

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se sizze dat ik lang wurd,
noch grutter as ús heit,
dan kinsto seeman wurde,
dat is wat pake seit
as plakferfangend dreamer
mei sicht op ’t hurde feit
fan himelhege skippen,
dêr’t hjoed de reis om draait
nei fiere kontininten
mei noard- of súdpassaat,
gjin lêst fan konkurrinten,
behalve in piraat
dy’t tusken steile klippen
syn skoener brûzje lit,
mar do, myn grutte skipper,
bist dei en nacht paraat
om yn it want te klimmen
en hoesto nei him swaaist
mei swurd of dolk sa’t nimmen
dy neidwaan kin… wat seist…
do wolst hjir net wer hinne,
mar wachtsje, want do meist
wol nei it wetter rinne
en ast dy dêr omdraaist,
sil ik in foto nimme…
… ja, kom mar, hjir stiesto,
wat seist… do sjochst net wêre,
te lyts seist, hoesa no,
ast goed sjochst, stiesto dêre.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum