Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Keltysk krús

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

De Kelten wiene fierwei earst,
noch foar de komst fan de Romeinen
op it eilân tusken see en oseaan,
se brochten heidendom en kristenseine.

De Angelsaksen hiene ’t meast
te sizzen nei har komst oer ’t wetter,
namen mei: it is mei sizzen net te dwaan,
geweld dus tsjin de Kelt, dy heale ketter!

De Kelt waard nei de hoeken dreaun,
nei Cornwall, Wales, nei Skot- en Ierlân,
mei syn dûbelleauwe amper te ferslaan:
de sinne om it krús beskynde ’t oerlân.

Image

* Keltysk krús yn Ierlân

admin

Sutton Hoo

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

Hy sjocht ús oan mei holle eagen,
want hy wit net mear fan wat en hoe,
omdat er ieuwenlang bedobbe lei
yn ’t grêf fan Sutton Hoo.

Syn hollemaat kaam oer de weagen,
’t wie in Angel, Saks, miskien in Fries,
nei ’t eilân dêr’t de sinne îndergiet,
hy focht en wûn de priis.

Romeinen seagen ’t swurk al driuwen,
wisten amper mear fan hoe en wat,
omdat foar har de sinne ûndergie,
it grêf waard Romes lot.

Mar kening Redwald soe lang bliuwe,
machtich hearsker yn de tiid fan doe,
hy sjocht ús oan en wat er sei, gie mei
yn ’t grêf fan Sutton Hoo.

* Helm út it boatgrêf fan Sutton Hoo
yn Ingelân (sirka 625-630)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum