Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Dynamyske tiid

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Ma Yuan*
fan Guo Xi**

Image

De tiid giet stadichoan syn gong,
mar soarget wol foar dynamyk,
want wol in keizer net omlyk,
dan slacht syn fijân op ‘e gong.

Fan dynasty nei dynasty,
sa giet it spul fan de Sinees,
de sterkste bliuwt lang yn de race,
de swakke hinget oan in trie.

De langste tiid wie foar Gaozong***,
dy keizer reizge nei Linan****,
hy makke dêr syn haadstêd fan,
syn skilders giene stil har gong.

Op side streken se in byld
fan ’t lânskip, troch de tiid gelyk,
ta eare fan Gaozong syn ryk,
mar oan de grins waard ’t byld al wyld.

Image

* Ma Yuan wie ien fan de belangrykste lânskipsskilders

** Guo Xi lei yn syn lânskippen in symboalyske betsjutting

*** De lêste keizer fan de Sung-dynasty (960-1279)

**** It tsjintwurdige Hangzhou

admin

Ananda

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
anonym*

Image

It easten bylket mei in kleare loft,
symboal fan kulturele hichte,
tuorren rizend út it grien,
it westen wachtet noch in skoft.

In timpel yn ’t hjoeddeiske Myanmar
fan net te tellen stiennen,
meditearjend stien nei stien,
it easten docht it westen foar.

Pagan, it ryk fan tûzen jier ferlyn,
dêr’t kening Kyanzittha hearske,
kombinearre macht en rêst
fan Boeddha, foar it wrâldske blyn.

Mar yn de timpel jout it kleurpatroan
it ritme fan in grut tal dûnsers
oan, dy’t sûnder stille lêst
de nacht trochdûnsje oant de moarn.

Image

* De Ananda-timpel (sirka 1090)
waard boud troch kening Kyanzittha
fan it Pagan-ryk

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum