Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Kulturele macht

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Yan Liben*
fan Han Gan**

Krijt in foarst de keizerskroan,
dan wolle lytse hearskers wol omlyk,
se bûge foar Taizong syn troan,
dè hearsker oer ’t Sineeske ryk.

Macht is mear as polityk,
lûkt likegoed kultuer nei it paleis,
de keunstners meitsje Taizong ryk,
syn geast is altyd ûnderweis.

Image

Geastlik riker wurdt Xuanzong
fan skilders mei it each op ‘e natuer,
de maitiid hâldt de keizer jong,
in hichtepunt yn de kultuer.

Hynders wize op ‘e striid
fan boargers tsjin Xuanzong syn polityk:
de oergong nei in oare tiid,
ferskuord wurdt it Sineeske ryk.

Image

* Yan Liben wie in skilder oan it hôf
fan keizer Taizong

** Han Gan wie in skilder oan it hôf
fan keizer Xuanzong

Taizong en Xuanzong wiene keizers
fan de Tang-dynasty (618-907)


admin

Grutte jaguar

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Is de grins noch net berikt,
dan moat de kening fierder gean
en neffens status der oerhinne;
de Maya bleau der net foar stean,
hat op ‘e hichte mikt.

Image

Heger as de keningskroan
kaam sprong nei sprong de jaguar
op ’t toppunt fan de piramide;
de kening hie doe oars gjin kar:
de grins oer, goadesoan!

Mei geweld kaam hy foarút
en makke finzen mannich man,
de jaguar hie gjin begrutsjen:
hy die syn fijân yn de ban,
de dea waard it beslút.

Image

* Piramide ‘Grutte Jaguar’,
ien fan de hichtepunten
fan de Maya-kultuer

* Muorreskildering yn de timpel
fan Bonampak

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum