Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Gjin graasje

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1972

Image

In skipper dy’t gjin skipper wurde mocht
omdat er ek noch seilen makke,
’t wapen dêr’t it eigen skip mei focht
om hjir en dêr in priis te pakken,
mar ’t ferline hie him net dy status brocht
as skipper op ‘e wedstriidplakken.

Doch stie syn heit al oan it roer
as jonge sûnder ûnderfining,
ek syn pake krige oer
fan syn heit de wetterbining,
wa’t dan ek as skipper foer,
de kar foar him joech dining.

De skippers inkeld fan de fêstewâl
dy’t stjoerden as organisaasje,
hellen harren bolle fan de stâl:
in staking, dus gjin moderaasje,
mar de measte stjoerlju woene net sa mâl,
dy’t seilen makke, kriich gjin graasje.

Image

admin

Skûtsjenoarmen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1972

Image

Wat wie de noarm yn earder dagen
doe’t de skûtsjes leine waringdjip
fan frachten modder, turf en stront;
doe stelden se gjin drege fragen,
want de skippers fûnen dat har skip
folslein foldie fan kop oant kont.

Doe kaam de tiid fan konkurrinsje
op it mêd fan wa’t it hurdste koe,
de stêd, it doarp of eigen skip;
sa krigen fjirtjin de pretinsje
om te wurden kampioen, mar hoe?
Wol grutter, heger, mar net djip.

Wêr fart dy trend de skûtsjes hinne,
as gjin rûte op it wetter leit
fan boei nei boei, dat is de noarm;
sa kin de modderskûte winne,
om’t deselde wyn de tiid troch waait,
mar ’t skipsfolk hâldt wol fan in stoarm.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum