Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Slachskippen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1972

Image

In fearnsieu sylde al de SKS*
op ’t eigen slachskip troch it hiele jier,
’t bestjoer hie fêst it roer yn hannen,
skûtsje-eigners spilen foar bemanning,
bakboardsslaggen brochten ’t S-skip fier,
mar frjemd, de wiere silers kamen yn de stress.

Al ieuwen sylden skippen foar de fracht
mei ’t lege rom foar priis en heechste ear,
de skipper hie it roer yn hannen,
trije soannen spilen foar bemanning,
letter waard dat tal in njoggen mear,
mar frjemd, it S-skip sette harren yn de wacht.

Doe kaam de tiid fan silend VSB**,
in twadde slachskip troch it hiele jier,
de skippers hiene ’t roer yn hannen,
de bemanning spile foar bemanning,
stjoerboardsslaggen brochten ’t skip net fier,
de skippers fan it S-skip rôpen seis kear nee.

Image

* Sintrale Kommisje Skûtsjesilen
** Vereniging voor Schippers en Bemanningsleden

admin

Prins Karnaval

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1972

Image

Hy is al jierren wei,
dochs klinkt syn namme noch
en stiet ta eare al
op wêr’t syn hert doe lei;
hy sylt en rydt sa troch,
wol harkje wat er sei:

Image

It skûtsjesilersfeest
is as it karnaval
foar dokter, advokaat,
mar skippers noch it meast;
sy dûnsje op it bal
mei skûtsjesilerspraat
fan alderlêst nei earst.

Har offer simmerdeis
oan dokter, advokaat
en ’t oare Jan Publyk
is grut en snijt yn ’t fleis;
’t is skreppen út ‘e naad,
op ’t lêst as libben lyk
in jier wer ûnderweis.

Ik ha mei har te dwaan
en doch wat oars werom:
foar al dat Jan Publyk
ryd ik de skoaiersbaan
en wêr’t ik dan ek kom,
dêr tinke se gelyk:
wêr bliuwt de Snitser Pan?

Image


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum