Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Boalserts religy

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1973

Boalsert, stêd mei rûnom lân,
gjin mar om op te farren,
skûtsjes foeren dy foarby,
dêr hiest it wol mei hân;
do woest dy lykwols warre
oars as mei dyn bûnte kij.

Image

Gysbert Japicx, dichter fan
– it haadljocht oer de stjerren,
wolkom freugde fan de wrâld –
dy brocht dy yn de ban
fan heger mei dyn fearren,
pronkje net yn ’t inkelfâld.

Image

Boalsert, stêd fan hegerop,
do litst in skûtsje farre;
Siete* wie dyn earste man
mei ’t haadljocht yn de kop
fan wat is dit in barren:
”k Meitsje der religy fan.’

Image

* Siete Meeter

admin

Jouster hoars

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1973

Image

De Jouwer, flekke tusken fean en mar,
ferneamd troch al dyn farrenslju,
de rook fan kofje en tabak,
yn ’t skûtsjetugen wiesto sleau,
op hynders foel dyn earste kar.

Dyn eachopslach foel op in stielen hoars,
de wite dy’t in smite prizen wûn,
it wie meastal in twadde plak,
mar foar in earste wie ’t ek sûn
genôch, sa roek dyn skerpe noas.

De ruter*, man al jierren op it dek,
betûft yn hoe’t it rinne moat,
dy roek de kofje en tabak,
hat daliks dêr syn kiel mei smard
en woe wol stjoere foar de flek.

Image

* Hylke de Vries

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum