Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Bernemonumint

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De nammen binne yn it izer getten,
foar ivich lykje se de tiden troch te gean,
dat nimmen sizze kin – ik bin fergetten
hoe’t bern foar hege idealen stean.

Se steane foar it libben yn de hichte
de blauwe himel, fol fan fier ûnthjit,
de stôk is lang, mar yn ferbylding lichter
as ’t fearkleed dat de fûgel fleane lit.

Image

De oanrin is al fleanend nei de fierte,
de fûle ôfset swypket ’t ideaal omheech
om flitsend oer it hichtepunt te sjitten,
dat bliuwt as monumint, gjin bern te dreech.
Image

admin

Timmerman en bard

Lyrysk Deiboek
Timmerman en bard PDF Print E-mail
Ta oantinken oan oannimmer Wietse Hoekstra (1935 – 2001),
by it oanbieden fan syn boek ‘Maten, frijheid yn oarlochstiid’
op snein 9 april 2006

Hy naam safolle oan
fan wat it libben jout
en joech noch mear werom
as inkeld stien en hout.

Wat rûze yn de moarn
him yn de holle om,
kaam yn de lette jûn
werom yn wurd op toan.

Want op ‘e hammerslach
besong er libbensrin,
de frijheid yn it bûn
fan maten as ferdrach.

Image

Se seagen alles troch
wat har oan bannen lei
en joegen sa wer sin
oan elke nije dei.

Sa hat er fierder boud
as timmerman en bard,
mar folle mear as hout
hat er by wurden sward.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum