Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Noisekick

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Koest telle de gesichten,
dan kaamst op tûzen út,
se seagen nei de hichte
fan trije flaggen heal
oplutsen om de lichte
te tsjutten fan it brút
geweld en sletten eagen
en earen foar de dea
fan minsken dy’t gjin leagen
fernearden oer wat ea
ta bot terreur ferplichte.

En likefolle rêgen
fertelden fan de tiid
dat minsken dernei seagen
en hearden ek hoe wiid
de twa minuten wiene
fan stilte, tik nei tik,
en sjoch, dy rêch, dy iene,
in jonge noch, hy wie
der ek, in brede brêge
lit sizze tusken skot
fan no en doe… in kick:
terreur tot op het bot.

Image

admin

Twa broers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat seit it glimmend moarmer
mei de plattegrûn fan ’t hôf:
de kâlde kelders, waarmer
wat de perken, ’t bernehôf
sa lyts as waarden noarmen
foar it libben struid yn ’t stof.

It seit wat fan de oarder,
oplein nei de lêste rôf
fan ’t libben, dat de ikker
fan de dea gjin rúzjestof
opwaaie lit, mar foar de
moarmerplaat bin ik no dôf.

Want hjoed leit hjir de ierde
fan twa grêven nêst it paad:
’t ferware fan de âldste
broer, it farske fan syn maat
yn ’t libben, dat har fierde
suver tagelyk yn ’t skaad.

It skaad fan djippe grêven
kriget net it lêste wurd:
de deade brune stêven
fan de âldste plúzje bot
en wylst de jongste leit dêr,
sweve siedsjes swijend fuort.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum