augustus 30, 2024
fan ûnbekend*
Verucchio, it wiere each
dat út ’e hichte wei
breedút oer it lânskip sjocht,
wat ek Franciscus seach.
Oan bist en minske joech er les
oer útsicht op ’t bestean,
dat mei nocht elk libje mocht,
hy plante in sipres.
Verucchio seach dat it wier
wie wat Franciscus sei:
de sipres bestie mei nocht
en seach úteinlik fier.
Noch altyd sjocht Verucchio
út nei in goed bestean
dat rom sicht biedt yn ’t ljocht
fan libje yn it no.
* Foto ‘Verucchio yn Italië’
augustus 29, 2024
fan Rembrandt
As reder wist er fan de wrâld
hoe’t it dêr faak rydt en fart
mei ’t kapitaal as koers:
goud streamde nei syn wente,
dat hy kriich syn blinkend part.
It Wurd blonk ek, liet him net kâld,
hy ferdjippe him dêryn,
hold sa in fêste koers
foar him en syn gemeente,
beide sylden foar de wyn.
Thús wie de Bibel ek it sâlt
dat gaadlik wie foar harren siel,
want sûnder koe it net;
hy liet syn Aaltsje priuwe,
dat sy kriich har eigen part.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Portret fan Cornelis Anslo
en Aeltje Schouten’