Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Brutsen mêsten

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1976

Image

De Feanhoop mei in wynkrêft trije,
fol it seil en heech de mêst,
foar kommissaris yn himdsmouwen
waar foar nei de Steaten rêst
om him oan ’t Frisoroer te wijen.

Gjin waar foar wiete, glêde dekken
by it brûzjend Fryske bloed,
al briek in tou, dus mar wer starte,
flokke die de float gjin goed,
mar soe foar straf it spul dan brekke?

Image

Langwar, de grutste, nûmer fjirtjin
by de start, woe nei de kop;
de mannen skuorden oan de skoaten,
mar te hurd, de mêst foel op
it dek, se koene it ferjitte.

Doe kaam Wâldsein mei wynkrêft trije
noch, de fok fol, heech de nok,
doe briek de top, los skeaten skoaten;
drukte op ‘e float in flok,
dan moast it rjocht der ien by krije.

Image

admin

In memoriam Bearend Mink

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1976

Image

Bearend Mink, hy wie net mear,
de boerefeint dy’t skipper waard,
it melken lei net yn syn aard,
mei kowesturten wied er klear.

Skippersfeint, dat wie ’t begjin
mei iepen each en harkjend ear
en spieren as in brune bear,
hy sylde sterk mei fleurich sin.

Bearend Mink, hy woe wat mear
en wittend hoe’t de wyn wol waait,
keas hy as skip de Nijverheid,
nea wied er mei syn wrotten klear.

Image

Silen wie foar him behâld
fan eigenheid, der kaam in kear
doe’t hy de Nijverheid yn hear
en fear ferkocht oan Earnewâld.

Bearend Mink, hy woe noch mear
as skipper oan it wâld ferbûn,
hy waard doe twa kear kampioen
en dielde mei it doarp de ear.

Alde Mink, syn tiid hie west,
de jonge Mink, noch yn de rou,
is skipper wurden op Doarp Grou,
de namme bleau, Joop die de rest.

Image


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum