Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Proast nei protest

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1975

Image

Rienk* wie by ’t oanslaan al grimmitich,
trije dagen hiene se net syld,
guon neamden dat gewoanwei spitich,
mar it makke him bysûnder wyld.

Al by de earste boei wie ’t rekke,
want oer stjoerboard brûsde SWH,
koe mei gjin kop dertusken stekke,
hurde koppen wiene derop ta.

Image

‘De skoaten oan, se sille witte
dat wy sile nei it lêste rak,
protesten kin ik net mei sitte,
’t flak fan Heineken** bringt ús teplak.’

De kop sit tusken boarden klamme,
fjirtjin swiere punten fan ’t protest,
de lêste dei wie ’t mis, ferjamme,
noch in pilske, proast, dochs rûn er bêst.

Image

* Rienk Zwaga

admin

Brutsen rêch

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie in stille sneintemoarn,
de Koaiwei lei der rêstich hinne,
doe kamen der twa auto’s oan,
it moast al bjuster nuver rinne.

It rûn ferkeard, se rieden troch,
hoewol’t de krusing oars ornearre,
de beide harsens remmen noch,
mar ’t senuwstelsel wie blokkearre.

Se draaiden harren deadedûns
dy iere moarn op ‘e rotonde,
de blauwe joech de bak de bûns,
mar beide boeten foar ien sonde.

It offer lykwols brocht de hûn,
in brutsen rêch foar ’t earme bistke,
de sturt lei stil, mar nuver sûn
beweegde noch de rutewisker.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum