Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Piele by Wâldsein

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1978

Image

Oan de ein fan ’t wâld stiet faak gjin wyn
en hingje blêden as ferlamme,
stam en tûken hâlde rêst,
mar skippers ha de smoar dan yn,
want skûtsjes kleve as magneten fêst,
it moat op silen ta, ferjamme!

Image

Twirkeheinend driuwt it by Wâldsein
foar Snitser Jan* en Feanster Tjitte**
om de prizen board oan board,
mar alles is noch lang net sein:
want wylst foar Tjitte ’t lêste suchtsje smoart,
sil Jan nei de fiktoarje sjitte.

Image

Wêrom driuwkje as it flugger kin?
Op klompen is soks oan te fielen:
motor oan, omheech de gyk
en rêstich om dy hinne sjen,
sjedêr ek noch in farrend flot publyk,
dan is ’t mei ’t skûtsjesilen pielen.

Image

* Jan van Akker
** Tjitte Brouwer

admin

Fûksile op Starum

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1978

Image

Wat sil it silen dwaan
foar fiskers dy’t de fûken útset ha
foar iel, genôch foar ’t deistich brea?
Sil ’t swurd as meunster jaan
de skrik om hastich op ‘e fûken ta?
Dan ha allinnich iel de skea.

Image

De Iselmar stie hol,
de koppen batsten yn de dining op,
mei al dy skippen oan de wyn
wie ien plak spannend fol;
doe klonk ynienen lûd de bakboardsrop
oan Grou, foar ’t risiko noch blyn.

Image

Se klapten tsjininoar,
de swan noch mei de wjukken op termyk,
wylst Grou foel lam, gjin druk op ’t roer,
op ien plak yn de war,
ek foar Wâldsein, sa tusken striid en dyk
bleau amper noch in meter oer.

Image

Wer stjitte stiel tsjin stiel,
dat beide skûtsjes giene troch de wyn,
wylst Grou foer krekt de fûken frij,
ferdreau Wâldsein de iel;
gjin fisker liet him mear mei ’t silen yn,
mar op ‘e dyk klonk lûd jûchhei.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum