Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Sjuery-crash

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1980

De sjuery sjocht mei twa pear eagen
nei de slaggen op ‘e Ie en ’t Rek,
heint elke klap mei twa pear earen,
’t giet dêr mâl, ja fierste gek,
yn aksje nei wat hûndert seagen.

De sjueryboat hat gjin fiif sinnen,
wol in motor dy’t it hjoed net docht;
in klap berikt wol tûzen earen,
mar in inkeling dy’t sjocht
hoe’t sjueryleden crashe kinne.

Image

De ien klimt yn de wetterstangen
fan it botsend skûtsje SWH,
de oar wurdt pakt by kont en earen,
beide wurde silers sa,
stand-by’ers moatte ’t wrak mar fange.

Image

admin

Protestearm

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1980

Op freedtejûn foar ’t skûtsjesilen
is ’t skippersfolk yn Grou op reuny,
wurdt frege nei hoe hat it west
en witsto wol dat dy en dy…
it is in spul fan dielen,
dat der klinkt dan gjin protest.

De boargemaster hâldt in rede
oer sile mei de holle by it roer;
foar sokke skippers op har bêst
bliuwt wol in blanke beker oer,
want sa hâldt men de frede
sûnder ’t read fan in protest.

Twa dagen letter is it oarloch,
want Siete* wint, mar kriget in protest
en dêrom rint de kop him oer
fan gleone grime, mar ’t stiet fêst
dat Lammert** gunt in oar doch
ek wat oars, it brein by ’t roer.

Image

* Siete Meeter fan Boalsert
** Lammert Zwaga fan Langwar

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum