Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Op in hoop

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1983

Wannear’t se op De Feanhoop farre,
is de hope leafst gjin hoop
op ’t plak fan Stobbehoek,
want drama’s sille barre
sûnder roer en fol it doek.

Image

De wâlstart koe wol sprekken lije,
linyfarre, dan yn ’t breed
de tugen, fjirtjin kear,
dit rak elkoar noch mije,
mar by Stobbehoek net mear.

Image

De stobben skodden ûnder wetter
by de botsings, stiel op stiel
en prikjebrekkend hout,
geflok as fan in ketter,
wa siet goed en wa wie fout?

It like geunstich foar dy’t bleauwen
yn de striid, mar ’t wie mar skyn,
gjin skipper kriich in priis;
foar Joop* wie ’t net te leauwen,
dat: ‘Jim binne lang net wiis!’

Image

* Joop Mink fan Grou wûn de wedstriid

< Foarige
admin

De Tynje-flok

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1983

Image

De Tynje, smelle feart foar skipperskeunst
om skraal dertroch te farren,
hy it roer, de frou de fok
en as de trochgong narre,
klonk fan achteren syn flok.

De Heale Moanne, nij yn ’t streekjespak,
belibbe syn premiêre,
mar de Tynje hold him fêst
en soe syn dei bedjerre:
tsjuster waard er fierwei lêst.

Doarp Grou, yn ’t âlde pak op eigen wiet,
woe yn de striid wol rinne,
sûnder flok de Tynje út
liet hy de Grousters winne,
binnen wie de earste bút.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum