Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Priis

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De prizen binne foar it folk
dat spieren traint ta polyestertrie,
de senuwen ta rustfrijstiel
en heech gloarearret yn in wolk
fan útlitlûden dy’t as rôze snie
bedobbet it gehiel.

Image

Sa krige ien fan ’t folk de kramp
yn ’t kût wylst hy syn rappe rûntsjes rûn
foarby in bank fan rustfrijstiel;
hy pûste yn in wolk fan damp
syn lijen út en dronk út blik him sûn,
in diel fan it gehiel.

Image

En ’t folk fan krukken kaam dêrnei,
him bitend op ‘e tosken fan ’t gebit
om troch te setten, eigenwiis
as rustfrijstiel, as trie sa taai,
mar mei de útspraak – bliid dat ‘k sit –
behelle it de priis.

Image

admin

Oerwâlddream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As de neinacht ’t oerwâld hâldt
noch yn syn swarte grip
en ljocht en donker sitte op ‘e wip,
dan âlet ’t wâldlûd mannichfâld,
dêrtusken tikket drip nei drip.

Image

As it tsjuster swierder wurdt
en sakket stadich wei,
dan wipt it ljocht de hichte yn en mei
ferskynt in krokodillesturt,
in beamlang lichem komt dêrnei.

Image

As de oerwâlddream waait oer
en ’t eachweid iepenbrekt,
dan is ’t in beam dy’t fier it dok oerstekt,
in ielgoes yn syn keale toer
dy’t mei in skreau syn moarnswyt lekt.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum