Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Bliuwende freon

Keunst

fan August Allebé*

Hy stiet as wie hysels in byld,
alhiel beset troch djippe tinzen,
mar wêroer, dat wit gjin mins,
hy sil se net útsprekke…
om him hinne leit in grins.

Al jierren hat er om in freon
socht, koe dy bûtendoar net fine,
want hy is te stoffich as suppoast,
moat dus in byld oansprekke:
‘Aristoteles mei Joast.’

Mei him hat Joast in stil petear,
wylst Aristoteles yn tinzen
is oer wat de minske driuwt,
hy wit him oan te sprekken
as in âlde freon dy’t bliuwt.

* August Allebé (1838-1927)
Skilderij ‘In âlde freon’

admin

De slach by Karkemisj

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

It barde by stêd Karkemisj
dat farao de striidrop klinke liet:
‘Hâld de skylden ree
en lûk it harnas oan,
set de helmen op
en doch de hynders yn it túch,
mei skerpe spearen giet neat mis!’

Egypte wie foar ’t striden wis,
it leger sette op as wie ’t de Nyl,
brûzend as dy stream:
‘Ferdylgje stêd en folk,
hynders derop los,
soldaten, hâld jim skylden ree,
striid moedich tsjin stêd Karkemisj!’

It barde ek by Karkemisj
dat farao de holle hingje liet:
gjin soldaat wie ree
en bliuw noch langer stean,
’t leger wie ferslein
en yn panyk sloech ’t op ’e flecht,
Egyptes nederlaach wie wis.

* Kaartsje ‘Karkemisj oan de Eufraat’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum