juni 8, 2023
fan Lucas Cranach*
Hat hy de pest oan dizze fûgels,
hong er dêrom harren op
as kleurich siersel oan de muorre?
Spiker op ’e kop!
Hy leaude fêst yn dizze fabel:
bringers fan de swarte dea,
de pest, fertsjinnen sels te stjerren…
dus fuort út ús gea!
Gjin sprake fan om noch te fretten
fan ús eigen reade bei,
jim komme oer de grinzen hinne,
nimme ûnheil mei.
Wy haatsje jimme tinkel-lûden,
dy’t net passe by ús styl,
jim fearren, surrogaat fan side,
binne te subtyl.
Wy ha de pest oan frjemde fûgels,
fretters út it fiere gea,
mar kinne wy oan jim fertsjinje…
spiker yn de lea!
* Lucas Cranach (sirka 1472-1553)
Skilderij ‘Twa deade pestfûgels’
juni 7, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
Jeremia hie in boek skreaun
oer wat mei Babel barre soe,
it ûnheil dat it folk oerkaam,
gjin wurd rôp dêroer twivel op,
sels is hy achterbleaun.
It boek joech hy nei Babel mei,
Seraja brocht it op dat plak
en moast it lêze wurd foar wurd,
de wurden rôpen ’t ûnheil op
dat yn de takomst lei.
Hie hy it boek úteinlik út,
dan spriek er him dêr ek oer út:
‘O Hear, Jo sprieken oer dit stee
fan ûnheil, ’t hâldt hjir ienkear op,
al neffens jo beslút.’
Jeremia joech de opdracht
mei: ‘Byn oan ’t boek in grouwe stien
en smyt it dan de Eufraat yn,
sa dûkt ek Babel nea wer op,
syn ein is neare nacht.’
* Foto ‘Eufraat’