Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ezechiël

Bibelbylden

fan Lucas Cranach de Aldere*

Ik, Ezechiël, wie balling
by de Eufraat oan ’t kanaal
fan Kebar, doe’t in stoarm opstiek
mei wjerljocht út it noarden wei,
ik seach it, byldzjend wie ’t ferhaal.

’k Seach in fjoer en yn de midden
wie in gloede as metaal
dat blonk, dêr middenyn waard ik
wol fjouwer wêzens klear gewaar,
ik seach it, byldzjend wie ’t ferhaal.

Earn en okse, liuw en minske
sprieken sûnder minsketaal
mei wjukken, skonken, hannen én
gesichten, ’t gie rjochtút-rjochtoan,
ik seach it, byldzjend wie ’t ferhaal.

’k Seach ek fjouwer blauwe tsjillen
rôljend gie it oan de haal
mei okse, earn en minske, liuw,
wêr’t harren geast mar hinne woe,
ik seach it, byldzjend wie ’t ferhaal.

In ferwulft ferskynde boppe
mei in gloede as metaal,
in stim klonk klear út it ferwulft,
sa liet de Hear him hearre, sjen,
ik seach en hearde syn ferhaal.

* Lucas Cranach de Aldere (1472-1552)
Skilderij ‘Ezechiëls fisioen’

 



admin

Hillige rots

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Hy leit op oardel kilometer
fan de kust, de hege rots
sa fêst as de apostel Petrus,
dêr waard op  boud ta ear fan God.

De muonts en klúzner ha dêr bidden,
isolearre fan de rest,
beskerme tsjin gefaar en sykte…
wa hie gjin hekel oan de pest?

Mar nei de Frânske revolúsje
kaam in ein oan it gebed,
de prysters waarden finzen setten,
de nije wet foldie har net.

Mont Saint-Michel waard in attraksje
nei’t it wie in finzenis,
toeristen rinne dêr no hinne,
fan drûge fuotten is elk wis.

Foto ‘Mont Saint-Michel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum