Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Fergees praat

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

’t Wie op De Lemmer kostlik waar,
dus kaam it folk yn ljochte steat
by ’t brêgehokje nei de bank
foar praat oer spatier, gal en staar
en ek hoe wurdt it stal wer slank,
want praten kostet neat.

De skûtsjes kamen ek te praat:
Doarp Grou is hast al kampioen,
mar lit ús net ferjitte Snits
en Huzum komt ek út it skaad,
nee, Ljouwert blaft lykas in hûn,
mar docht op ’t wetter niks.

’t Wie op De Lemmer bjuster blak,
dus wie it folk yn ljochte steat
te sjen op skûtsje, strân en pier;
de wiisheid dreau fan plak nei plak,
gjin spanning siet mear yn de spier,
mar praten kostet neat.

It silen kaam ek op it aljemint:
Doarp Grou is noch gjin kampioen
en sjochris, achteroan leit Snits,
protest tsjin Huzum, wat in fint!
Hat Ljouwert hjoed de wedstriid wûn?
De Lemmer is net niks!

Image

admin

Foar Pampus

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

Wurdt it wol of net in reef,
it leit deroan hoe hurd it waait,
it iene skip is ’t oare net;
gjin skipper wol syn skûtsje leit
foar Pampus, leaver is ’t op dreef.

Wurdt it Snits of is it Grou,
dy beide sile hjoed foar fol
en ha fan minder gjin ferlet,
mei romme wyn de seilen bol,
foar Pampus leit lykwols de frou.

Gie it foar De Lemmer mâl
genôch en hâldt dy dermei op?
Pyt seach in fallend blok te let
en kriich it streekrjocht op ‘e kop,
foar him is Pampus hjoed de wâl.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum