Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Berêsting

Keunst

fan Albrecht Dürer*

Wa’t it binne, sis it mar,
der wiene mear as tolve
nei ’t ferrizen út ’e dea,
mar wol kin ’t Petrus wêze,
yn de brâning wie hy rots,
gjin weach wie him te bar…
of is ien fan beide Paulus,
tekene al troch de dea?

Troch de tiden hinne ha
sy brocht it evangeelje
oan de wrâld, fan gea nei gea,
om trou oan Him te wêzen
dy’t model stie foar de mins
en stie foar mear as twa…
of tolve, foar miljarden,
opstien yn ek watfoar gea.

Tekene troch in bestean
fan bringers fan it boadskip
libje sy bûgd nei de dea,
de rêst leit yn har wêzen.

* Albrecht Dürer (1471-1528)
Tekening ‘Holle fan in apostel’
Tekening ‘Holle fan in apostel’

admin

Ezechiël as wachter

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Doe’t de Hear my rôp as wachter,
tocht ik dat ik it krekt wist:
wachthâlde oer ’t ferballe folk,
mar wat ik doe alhiel net wist,
dêr kaam ik al gau achter:

Tsjin de goddeleaze sizze
dat er God de eare jout,
warskôgje ik him lykwols net,
dan moat ik oer wat ik net die
ferantwurding ôflizze.

Unrjocht kin God net ferneare
fan in man dy’t eartiids rjocht
die, dat ik moast ek nei him ta,
warskôgje dat er ûnrjocht docht
en oanjaan om te kearen.

No bin ik derachter kommen
dat in wachter witte moat
dat hy ek skuldich wêze kin
as hy net docht wat hy dwaan moat,
syn plicht hat er fersomme.

* Edwin Schulte
Byld ‘Wachter’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum