oktober 27, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Philips Koninck*
De lear fan de Sinezen is: de fierte freget grut formaat om ’t lânskip op te nimmen, heech en breed, soks bylket wis yn oerlis mei it ljocht en skaad. De hichte wiist de wolken ’t spoar De breedte lûkt it wetter mei, De djipte lit it lânfolk sjen * Philips Koninck (1619-1688) |
oktober 27, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Willem Kalf*
Joost van den Vondel: Kalf heeft stilstaande dingen lief: banketten, disgerecht en brief, limoen, citroen en glas en schaal, sieraad en overdaad en praal. Kalf kin deade dingen libben meitsje: ljocht dat op it sulver fan de kanne blinkt, de frucht dy’t út ‘e blauwe skaal wei springt en ’t wynglês om ’t gemoed mei fleur te reitsjen. Willem lit de dingen redendiele: Hoeden kaam it selskip út it tsjuster, Want de Ieu fan Goud sprekt Hollânsk gloarje, * Willem Kalf (1619-1693) |